Natuurmonumenten: minder beammen kapje, mear kapt bosk kompensearje

03 jul 2019 - 08:23

Natuurmonumenten sil minder beammen kapje, lit de natuerbeskermingsorganisaasje witte. Dêrtsjinoer sil kapt bosk kompensearre wurde. Yn april wie der krityk fanút de efterban oer it kapjen. Der waard besletten de efterban te rieplachtsjen en no docht bliken dat 91 persint fynt dat de oerheid foar mear bosk soargje moat. Natuurmonumenten hat ek yn Fryslân ferskate bosken yn behear, bygelyks de Lycklamabosk yn Gaasterlân en de Flietsterbosk by Wytmarsum.

Foto: ANP

Oant no giene beammen faak om as der bygelyks produksjebosk omfoarme waard ta in natuerlik bosk. Yn april besleat Natuurmonumenten allinnich noch beammen te rûgjen as dat needsaaklik wie foar de feiligens.

Nij bosk

Hast 10.000 minsken fan de efterban binne ûnderfrege mei in enkête. Fan no ôf sil kap inkeld noch barre as it nedich is om bedrige planten en bisten te behâlden. De organisaasje siket dêrfoar noch stipe by it bedriuwslibben en de oerheid.

Neffens direkteur Marc van den Tweel is de reduksje fan it kapjen ek nedich om de klimaatdoelstellingen te heljen. De organisaaje wol útsykje oft der tûzenen bunders nij bosk komme kinne.

Al kapje? Dan duorsum

It hout dat al kapt wurdt, moat sa duorsum mooglik brûkt wurde. Natuurmonumenten hâldt dêrom op mei de ferkeap fan hout oan partikulieren foar de iepen hurd.

Bytiden sil it wol nedich bliuwe beammen te kapjen, bygelyks as natuergebieten mei-inoar ferbûn wurde moatte. Mar wol moat der dus foar eltse beam dy't kapt is, earne oars in nije beam komme.

Trefwurden: 
Natuurmonumenten bosk kap
(Advertinsje)
(Advertinsje)