FNV fiert mei Ljouwerter wyk Bilgaard aksje foar ferheging minimumlean

03 jul 2019 - 07:24

Bewenners fan de Ljouwerter wyk Bilgaard, maatskiplike organisaasjes en it fakbûn FNV komme woansdeitejûn, foarôfgeand oan de riedsgearkomste, yn aksje foar in heger minimumlean. Foar it stedhûs fan Ljouwert biede se boargemaster Ferd Crone in NS-trajektkaart oan, sadat hy hin en wer ride kin tusken Ljouwert en Den Haag.

Foto: ANP

Hy krijt it treinkaartsje sadat er daliks as Earste Keamerlid syn bêst dwaan foar in heger minimumlean. Ek de takomstige boargemaster fan Ljouwert, Sybrand Buma, krijt in treinkaartsje oanbean.

It minimumlean leit no op 9,50, mar de FNV fynt dat dat 14,00 wêze moat. "We zien dat Nederland gigantisch rijk is. Een miljoen mensen verdienen rond de tien tot elf euro. Twee miljoen mensen zitten onder 130 procent van het minimumloon", fertelt Willy Oosterveld fan de FNV. "Deze mensen verdienen meer."

Willy Oosterveld fan de FNV

Neffens Oosterveld giet it hjir om earmoede, mar soene de ferhalen fan dizze minsken simpel wêze. "Met 14,00 euro zouden ze een keer op vakantie kunnen. Dan hebben ze het niet over het buitenland, maar gewoon over een keer de stad uit kunnen. Of ze kunnen eens fatsoenlijk eten. Dat zijn simpele redenen waarom 14,00 nodig is."

'Voor 14'

De aksje is benammen rjochte op boargemasters. "Het minimumloon is landelijk geregeld en we zien dat politici veelal naar het bedrijfsleven luisteren. Het bedrijfsleven heeft veel invloed. De inwoners van Leeuwarden lanceren woensdagavond de campagne 'Voor 14' en daarmee doen ze een oproep aan alle Leeuwarders: sta op, word wakker, en strijd met ons mee om die 14,00 euro voor elkaar te krijgen."

Polityk moat wekker wurde

De kampanje 'Voor 14' bout oan in beweging yn wiken troch hiel Nederlân. Neffens kampanjefierders moat de polityk wekker wurde en merke dat Nederlân it net langer pikt dat in grutte groep Nederlanners bûtenspul setten wurdt. Sy fine dat de polityk en wurkjouwers nei minsken harkje moatte.

"Die veertien euro kunnen ze in Den Haag regelen. De heer Buma komt deze zomer uit Den Haag naar Leeuwarden, dus de inwoners van Leeuwarden dachten: laten we kijken of meneer Buma voor ons die veertien euro kan regelen."

Trefwurden: 
FNV Bilgaard minimumlean
(Advertinsje)
(Advertinsje)