Dokkumer Vlaggen Centrale set yn op Oranjeliuwinnen

Helje de fuotbalfroulju fan Oranje de finale fan it wrâldkampioenskip fuotbal yn Frankryk? Dat is de grutte fraach. Woansdei stiet it duel mei Sweden op it programma. Oant no ta hat it Nederlânsk alvetal alle fiif wedstriden op it WK wûn en dat is ek foar de Dokkumer Vlaggen Centrale in boppeslach. Want it bedriuw hat in spesjale flagge meitsje litten foar it team fan de froulju.
Dokkumer Vlaggen Centrale set yn op Oranjeliuwinnen
Neffens Annemieke Nienhuis fan de Dokkumer Vlaggen Centrale is der dúdlik te sjen dat de flaggen sukses hawwe. "Vooral vlak voor de wedstrijden en weer erna, zodra ze hebben gewonnen. Dan zien we wel een piek in het aantal bestellingen in onze webshop."
Der binne al in soad flaggen makke. "We hebben meer dan 1.000 gedrukt en ook al een kleine 1.100 stuks verkocht. We hebben nog wat als reserve liggen, zodat we niet zonder voorraad komen als ze verder komen."
De flaggen wurde neffens Nienhuis troch it hiele lân ferkocht. De flaggen geane ek nei fans dy't nei Frankryk ta ôfreizgje, in ferskaat oan minsken, sa sjogge sy by de sintrale.
Nienhuis sjocht fansels graach dat de froulju noch mear sukses behelje yn it spul. "Ik volg het zeker. Ik hoop toch wel dat ze verder komen en het is mooi om te zien. Hoe beter ze het doen, hoe meer mensen kijken. Maar zelf zit ik ook wel aan de buis gekluisterd."
© Dokkumer Vlaggen Centrale
Dochs is der wol in ferskil mei it fuotbal by de manlju. Nienhuis: "Het is wel kleiner dan het mannenvoetbal. Eigenlijk jammer, maar wat we ook wel merken is dat er ook wel een grote groep fans is van de oranje-vrouwen. Dat is leuk om te zien en ook om online de reacties te lezen."
Net eltsenien is neffens Nienhuis posityf oer it fuotbal by de froulju. "Wat ik zelf wel merk bij mannen als ik vraag of ze naar het vrouwenvoetbal kijken, is dat de reacties niet altijd even positief zijn."
Annemieke Nienhuis fan de Dokkumer Vlaggen Centrale