Fandalen hawwe opnij taslein op Jeneverpôle

02 jul 2019 - 22:52

Easterein is lilk op in stel fandalen. Wa't it dien hat, witte se net yn it doarp, mar it favorite eilantsje fan de Eastereiners 'de Jeneverpôle' is foar in part fernield troch anonime fernielers. Beammen binne omlutsen en yn de brân stutsen. It sitbankje op it populêre eilantsje is ek fernield.

In protte minsken meitsje gebrûk fan it de Jeneverpôle. Sa kin der rekreëarre wurde, swommen yn de feart en simmerdeis oernachtsje der wolris minsken. It is net foar de earste kear dat der fernielingen plakfûn hawwe. Earder waarden ek al beammen fernield en yn de brân stutsen.

De nije eigener Johannes Huitema fan it eilantsje is ferbjustere oer dizze ferneatigjende aksje en sit no mei in behoarlike strop, want it wiene djoere ipen dy't hy er plante hat. Op sosjale media binne in tal doarpsbewenners yn aksje kaam om Huitema te stypjen. En de ipestichting hat trije beamen oanbean, mar dat is mar in part fan it totaal oan fernielde beammen. De eigener ropt de dieders op harren te melden. "Dan komme we der altyd út' seit er.

Johannes Huitema - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Eigener Johannes Huitema fan it eilantsje

Monique Vellinga is lilk oer de fernieling

Trefwurden: 
natoer Easterein Jeneverpôle
(advertinsje)
(advertinsje)