Frjentsjer earste healefinalist op Iepen FK Jeu de Pelote yn Easterlittens

By it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens hat Frjentsjer him tiisdei as earste pleatst foar de heale finale. De Frjentsjerters wûnen tiisdeitejûn yn de twadde omloop mei 8-3 fan Baard en moatte tongersdei spylje tsjin Easterlittens of Grou.
© Henk Bootsma
Yn de earste omloop waarden tiisdeitejûn twa wedstriiden spile op it doarpsplein fan Easterlittens. Bitgum wûn yn in oantreklike wedstriid mei 7-5 fan Mantgum. By de oare wedstriid wie Winsum te sterk foar Hartwert: 2-8.
Woansdei giet it IFK fierder mei de twadde omloop. Dan nimt Easterlittens it op tsjin Grou, keatse Stiens en Ljouwert tsjinelkoar en is der in striid tusken Winsum en Bitgum. De winners fan woansdei komme tongersdei út yn de heale finale. Freed is de finale.

It IFK 2019

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt fan it tradisjonele Fryske spul: sa bestean de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.
Op it Iepen Frysk Kampioenskip 2019 dogge 28 teams mei. Fan dy 28 partoeren spylje 24 fan moandei 24 juny oant en mei tongersdei 27 juny yn de foarronden.
Freed 28 juny begjint dan de earste omloop mei de tolve winners fan de foarronden en de fjouwer bêste teams fan ferline jier. De twadde omloop is op 2 en 3 july en in dei letter binne de heale finales. De finale is dan op freed 5 july.
Alle wedstriden binne op it doarpsplein yn Easterlittens.