Lelystêd Airport foarearst noch net iepen yn 2020

02 jul 2019 - 21:48

It fernijde fleanfjild by Lelystêd giet takom jier april noch net iepen. Dat meldt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer oan de Twadde Keamer. Troch de útspraak fan de Rie fan Steat oer it Nederlânske stikstofbelied is de planning neffens de minister net helber. Der is noch gjin nije datum bekend makke.

Foto: ANP

Mei de nije ôfspraken oer stikstof moat it ministearje oantoane dat op de lokaasje fan it fleanfjild en yn de omjouwing de útstjit fan stikstof net ûnakseptabel tanimt. Van Nieuwenhuizen tinkt dat it noch wol efkes duorje kin foar't dêr in oplossing foar fûn is. Dochs wol de minister dat it fleanfjild sagau mooglik iepengiet. In nije datum wurdt noch net neamd. "De komende periode wordt voortvarend doorgewerkt met het doel om Lelystad Airport zo snel mogelijk te openen", seit de minister

It is de tredde kear dat de iepening fan Leylstêd Airport útsteld wurdt. Yn Fryslân is soad ferset tsjin de komst fan it fleanfjild, ûnder oare fanwege de leechfleanrûtes

(advertinsje)
(advertinsje)