Heger berop yn saak-Arville: Ljouwerter moat tolve jier de sel yn

02 jul 2019 - 21:30

In 53-jierrige man út Ljouwert is yn heger berop feroardiele ta tolve jier finzenisstraf. It Gerjochsthôf achtet bewiisd dat de man in grutte partij kokaïne ynfierd hat. Hy waard ek feroardiele foar wytwaskjen fan jild en ferbean wapenbesit.

It Gerjochtshôf yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man krige earder fan de rjochtbank yn Ljouwert ek al tolve jier selstraf. Syn 57-jierrige frou moat twa jier sitte foar wytwaskjen fan it jild dat fertsjinne waard mei de yllegale aktiviteiten. Harren dochter krige in wurkstraf fan 240 oeren.

De saak kaam yn it nijs doe't der ynfallen dien waarden yn Ljouwert en yn Drinte. It pear wenne yn in lúkse filla yn Ljouwert en se foelen op omdat se in soad jild útjoegen. In drugstransport dêr't 9 miljoen euro yn ynvestearre wie, waard ûnderskept. Yn ûndergrûnse klûzen by famylje en freonen lei 3 miljoen euro, sa die bliken.

It ûndersyk nei de grutte drugshannel en drugstransporten krige de namme Arville. De haadfertochte sei earder dat er hannele yn faluta, mar it Hôf leaude dêr neat fan.

It Iepenbier Ministearje wol dat de famylje de yllegale fertsjinsten werombetellet oan de steat en frege de rjochtbank 15 miljoen op de famylje te ferheljen. De rjochtbank kaam ta it oardiel dat it bedrach bysteld wurde moast nei 1,8 miljoen euro. Oer de werombetelling rint noch in heger berop.

De saak-Arville is it grutste 'ôfpakresultaat' yn in wytwasksaak yn Noard-Nederlân oant no ta. By plysjeynfallen yn trije plakken, Ljouwert, Assen en Gasteren, waard yn maaie 2014 in bedrach fan 4,4 miljoen euro cash yn beslach naam. Fierders waard beslach lein op in wenning, in loads, auto's en lúkseguod as klean en juwielen. De partij kokaïne dêr't de man goed 9 miljoen euro foar betelle, waard ek ynnommen en ferneatige.

By de bestriding fan de wytwaskkriminaliteit is it it doel fan plysje en justysje om safolle mooglik besit fan kriminelen ôf te pakken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)