"Misthoorn Harns kin reparearre wurde foar in pear tientsjes"

02 jul 2019 - 20:16

In wifi-kastje fan in pear tientsjes kin derfoar soargje dat de misthoarn op de Suderpier yn Harns wer wurkje kin. Dat sizze technisy. Se hawwe kontakt socht mei foarsitter Jules Dutrieux fan de stichting Misthoorn terug op de Zuiderpier.

Foto: Johan Balt

De gemeente Harns publisearre dit wykein in stik dêr't yn stiet dat in kabel foar de bestjoering fan de hoarn stikken is en dat fernijing 130.000 euro kostet. Dat is foar de gemeente tefolle en de stichting sels fynt dat ek. En dus hie de stichting besletten om it dêrby te litten.

Mar no hawwe technisy sein dat boarplatfoarms mei itselde systeem wurkje en dat dat tige ienfâldich oan te lizzen is. Iennige betingst is dat der wifi wêze moat en elektrisiteit. Op ôfstân kin de hoarn dan oan- en útset wurde. De stichting hat no opnij in fersyk by de gemeente dellein om dizze opsje te ûndersykjen.

Jules Dutrieux fan de stichting Misthoorn terug op de Pier

Trefwurden: 
Harns mishoarn
(advertinsje)
(advertinsje)