Klups iens oer transfersom, Michel Vlap no om tafel mei Anderlecht

It liket derop dat SC Hearrenfeanmiddenfjilder Michel Vlap út Snits de oerstap makket fan SC Hearrenfean oer nei de Belgyske topklup RSC Anderlecht. De klups binne it iens wurden oer in transfersom. It soe gean om in bedrach fan 8 miljoen euro. Vlap sit no om tafel om persoanlik te ûnderhanneljen mei Anderlecht.
© Orange Pictures
Vlap komt út de jeugd van SC Hearrenfean en hy makke it ôfrûne seizoen sechstjin doelpunten. Der wie al in pear wiken praat fan dat de transfer fan Vlap deroan siet te kommen. Vlap sit tiisdeitejûn net by de seleksje dy't oefenet tsjin De Griffioen.
Ferslachjouwer Andor Faber