Selstraf easke tsjin trijetal foar tarieden fan drugstransport yn Drachten

02 jul 2019 - 18:18

Tsjin trije manlju út de Rânestêd, dy't twa jier lyn yn in loads yn Drachten trappearre waarden mei hast 500 kilo hasj, hat it Iepenbier Ministearje tiisdei fjirtjin moannen sel en in boete fan 6.000 euro easke.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De manlju, dy't út Utrecht, Amsterdam en Aalsmeer komme, waarden op 13 july 2017 troch de plysje oantroffen yn in loads oan de Giek yn Drachten. Yn dat gebou stie ek in oplizzer fan in frachtwein. Dêryn waarden ferskate pakketten mei hasj fûn.

In 37-jierrige Ljouwerter wie doe ek yn de loads. Syn saak waard oanhâlden om't der wat misgien wie mei it tastjoeren fan de daging.

Drugstransport

Neffens de offisier fan justysje waard yn de loads in drugstransport taret. Neffens de offisier wie der sprake fan in 'een georganiseerd verband en een professionele aanpak'.

De rjochtbank yn Ljouwert docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Drachten drugs selstraf
(advertinsje)
(advertinsje)