Net in soad Friezen hawwe in 'kiste-oant-cake'-útfeartfersekering

Yn Fryslân binne net in soad minsken dy't in natuerapakket hawwe by in útfeartfersekering lykas Yarden. "We hawwe der net safolle mei te krijen", seit Wilfred Manning fan Faber Uitvaartzorg. De measte minsken hawwe in kapitaalfersekering, dêr't by útkeard wurdt yn jild om't se ek faak by in feriening oansletten binne. "Fan de bygelyks tsien klanten dy't wy hawwe, is der ien mei in natuerapakket", follet Jan Klaas Faber oan.
útfaertfersekering
Klanten fan útfeartfersekering Yarden moate bybetelje as se in natuerapakket hawwe. Dat is in fersekering dêr't de útfeart fan kiste-oant-cake by fersekere is. Dy manier fan ferserkjen kin net mear út, om't it produkt folle djoerder wurden is as in pear jier ferlyn, doe't de fersekering ôfsluten waard. Dat nijs hat de fersekerder sels bekend makke. Neffens Faber Uitvaartzorg koe de fersekerder it ek wol oankommen sjen. "It is in ferwachtingspatroan nei de minsken ta dêr't it oan ûnbrutsen hat", seit Jan Klaas Faber.

Begraffenisferiening folle goedkeaper

Minsken dy't in fersekering hawwe, kinne dêrneist ek lid wêze fan in útfeartferiening. Dy jout koarting by in begraffenis of kremaasje en is faak folle goedkeaper as in kommersjele útfeartorganisaasje. Sa is it oannametaryf fan in útfeart by De Laatste Eer yn Berltsum bygelyks 1010 euro, wylst it basistaryf by in kommersjele organisaasje lykas Yarden 1750 euro is.
Neffens Ria Algra fan de Fryske Federaasje útfeartferieningen en ponghâlder fan De Laatste Eer yn Berltsum binne der ek by útfeartferieningen net folle minsken mei in 'kiste-oant-cake'-fersekering fan Yarden.
© Omrop Fryslân
Ria Algra is fan de Fryske Federaasje Utfeartferieningen. Dat is de koepel fan Fryske útfeartferieningen. "Yn Fryslân binne der sawat 190 ferieningen by ús oansluten", fertelt Algra. "Dat liket in soad, mar der binne mear as twahûndert útfeartferieningen."
"In feriening dekt net alle kosten, mar is wol folle goedkeaper as in fersekering," seit Algra. Hoefolle goedkeaper, hinget fan de feriening ôf. "De útkearing ferskilt fan 500 euro oant 2000 euro", fertelt Algra. Dat leit ûnder oare oan de kontribúsje dy't in feriening freget.

Kampanjes

Mei de komst fan kommersjele útfeartorganisaasjes is it tal leden fan de ferieningen minder wurden. "It probleem fan ferieningen is dat se al mear as hûndert jier bestean. It wie altyd normaal dat minsken by in feriening sieten. Dat gie fan âlder op bern oer. Doe't 'de grutte jonges' in tal jierren ferlyn op de merk kamen, hawwe de begraffenisferieningen in bytsje achteroerline, wêrtroch't der gjin jonge leden by kommen binne". Dêrby komt dat de kommersjele organisaasjes in soad jild stutsen hawwe yn kampanjes foar nije leden, wylst begraffenisferieningen gjin winsteachmerk hawwe.

Ynhelslach

"Dat in feriening gjin winst hoecht te meitsjen, skilt hiel bot yn de kosten. Dat witte in soad minsken net", seit Sybren Klaas Visser fan de Laatste Eer yn Berltsum. "We wolle nije jonge leden krije, want dy hawwe wy nedich foar de takomst fan de feriening. We binne al fierste lang op de achtergrûn bleaun yn it útfeartgeweld. It is tiid foar in ynhelslach".

Karmerk

De Fryske Federaasje wol ek in nije ympuls jaan oan de útfeartferieningen. "We komme meikoarten mei in nije webside dy't in soad dúdlik meitsje moat", seit Algra. "Dêrneist wurkje wy mei in lanlike noarm, de saneamde nardusnorm", leit se út. Dat is in karmerk dêr't ferieningen mei wurkje. "In soad minsken meitsje in kar oan de hân fan sokke karmerken, mar de begraffenisferieningen kinne dêr net yn meidwaan omdat it karmerk útgiet fan in minimumtal útfearten. En dêr komme de pleatslike begraffenisferienigingen, yn tsjinsteling ta de grutte, kommersjele útfeartorganisaasjes, faak net oan ta."