Bern besmet mei norofirus, RIVM siket út oft it troch de Blikpôle komt

02 jul 2019 - 18:15

De bern dy't ferline wike siik wurden binne nei't se swommen hiene yn en by de Blikpôle yn Grou binne besmet mei it norofirus, meldt GGD Fryslân. Mar se witte noch net oft it firus komt troch it swimmen yn it bûtenwetter. Dat siket it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu út.

Foto: Google Street View

Mislik, spuie en diarree. Dat wiene de meldingen dy't binnen kamen by GGD Fryslân. De measte bern dy't siik wiene, hawwe yn de Blikpôle swommen. Dêrom hat der in ûndersyk west nei wat de bern krekt ûnder de lea hawwe.

Dat blykt it norofirus te wêzen, in ûntstekking fan de terms. De ynfeksje is hiel besmetlik en wurdt ek wol búkgryp neamd. De GGD Fryslân hat it RIVM frege oft sy it swimwetter ûndersykje kinne op it norofirus.

Trefwurden: 
Grou norofirus Blikpôle
(Advertinsje)
(Advertinsje)