Koade read foar mûzepleach: 'bestriding moat no begjinne'

02 jul 2019 - 17:52

Boeren moatte no yn aksje komme om mûzen op harren lân te bestriden. Mei dat boadskip komme sawol boere-organisaasje LTO-Noord as Wetterskip Fryslân. It wetterskip jout koade read ôf, want it tal mûzen is grut en der komme hieltyd mear.

Op dit stuit is de situaasje yn benammen Súdwest-Fryslân noch net sa slim as yn 2014. Mar as de boeren te lang wachtsje mei de bestriding, kin de pleach folle grutter wurde en hat it minder gefolgen foar it gers. "As boeren no yngripe, dan kinne sy der noch in snee gers ôfhelje", seit Peet Sterkenburgh fan LTO-Noord.

Kontrolearje fan it lân

Yn de omjouwing fan Wâldsein witte de boeren wol wat sy dwaan moatte, mar op oare plakken yn it feangreidegebiet hat lang net eltse boer yn de gaten dat der in soad mûzen op syn lân sitte. Sterkenburgh ropt boeren dêrom ek op om te kontrolearjen hoe't harren lân der no hinne leit.

Tiisdei kaam der dêrom ek in soad folk ôf op in demonstraasje fan ferskillende pompen en slangen om wetter op it lân te bringen. Yn kombinaasje mei fûgels dy't graach mûzen frette, kin sa'n wetterbad in soad dwaan om de groei fan de mûzestân te beheinen.

Mûs yn it wetter - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Neffens it wetterskip is der no noch genôch wetter foar hannen om sa mûzen te bestriden. Dat kin oer in pear wiken wol oars wêze. "Het is wel een serieus probleem", seit wetterskipbestjoerder Jan van Weperen oer de drûchte op dit stuit. In bereiningsferbod is net oan de oarder en der sit ek genôch wetter yn de Iselmar.

(advertinsje)
(advertinsje)