Undersyk nei Salomon Levy, de folksheld fan De Westereen

02 jul 2019 - 17:29

Yn it muzykteäterstik Salomon, It Kollumer Oproer stiet ien man sintraal: Salomon Levy. Hy wie in rebellelieder dy't yn opstân kaam tsjin de Frânske oerhearsking yn 1797. Mar der is noch in hiel soad ûnwis oer Levy, dêrom hat in team fan 20 minsken dwaande west om mear ynformaasje oer him te finen.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ien fan it ûndersyksteam is Theo Delfstra, in redakteur fan it histoaryske blêd De Sneuper. Hy fertelt dat der yn de jierren '30 en '40 alris earder in teäterstik west hat oer it Kollumer Oproer. "Alle rollen dy't no spile wurde wiene der doe ek, útsein Salomon Levy. Gjinien wist noch wa't hy wie."

It hûs fan Salomon

No is der noch hieltyd net in soad oer him bekend. De grutste ûntdekking is it plak is wêr't Salomon wenne hat op De Westereen. Delfstra: "Salomon Levy libbe yn in tiid dat dit ek net registrearre stie yn in kadaster. Hy wie ek gjin hûseigener. Hy hat nea in hûs kocht. Dus wy moasten noch âldere boarnen fine en dy keppelje oan it kadaster. It is hiel spesjalistysk wurk, mar úteinlik hat Piet de Haan dat foar mekoar krigen om it te ûntdekken."

Theo Delfstra oer de rebellelieder Salomon Levy

Histoarysk sjoen wie Salomon in hiele ynteressant man foar it team om te ûndersykjen, fynt Delfstra. "Hy wie in frijheidsstrider en in keapman. Dat past echt yn it plaatsje fan De Westereen."

Dêrneist hat hy in hiel soad neiteam yn De Westereen. Der binne ûngefear 20,000 man dy't der fan ôfstamme en in grut part dêrfan wennet noch yn de omjouwing fan De Westereen. Twa fan it neiteam binne ûnder oare Syb van der Ploeg en Marcel Smit dy't ek yn it teäterstik spylje.

By Omrop Fryslân is dizze wike alle dagen omtinken foar it iepenloftspul Het Kollumer Oproer; fan de histoarje oant de tariedingen. Sjonger Syb van der Ploeg spilet de haadrol fan Salomon Levy en Steven de Jong docht de regy. It stik giet op tongersdei 4 july yn premjêre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)