Jan Huitema wol him stoarte op it Europeesk miljeubelied

Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea sil him de kommende fiif jier benammen dwaande hâlde mei it miljeubelied fan de Europeeske Uny. De VVD'er makke dat woansdei bekend op de dei fan de ynstallaasje fan it nije Europeesk Parlemint yn Straatsburch.
Jan Huitema lange ferzje
Huitema stiet yn Europa bekend as lânbouspesjalist. No't it nije mienskiplike lânboubelied fêstleit, fynt er it wichtich om aktyf lid te wurden yn de miljeukommisje. Europa hat grutte ambysjes op miljeugebiet, mar ferliest neffens Huitema dêrby wolris it draachflak en de útfierberens út it each. Yn de miljeukommisje wol Huitema ek de belangen fan de boeren en it midden- en lytsbedriuw skerp yn it each hâlde.
Jan Huitema © Omrop Fryslân, René Koster
De produksje fan molke is, as it om CO-útstjit giet, yn Nederlân folle effisjinter as yn de measte oare lannen. Wêr bliuwt dan de miljeuwinst?
Jan Huitema
"Der wurdt yn Nederlân maklik roppen dat we minder fee hâlde moatte, mar de produksje fan molke is, as it om CO-útstjit giet, yn Nederlân folle effisjinter as yn de measte oare lannen. Wêr bliuwt dan de miljeuwinst?"

Praktyske oplossingen

Huitema pleitet foar praktyske oplossingen, mei it klimaatakkoart fan Parys as rjochtsnoer. "Dêr hat Europa foar tekene en de VVD ek, dus dêr stean ik foar."
De melkfeehâlder giet de kommende jierren wol troch mei it folgjen fan it lânboubelied, mar sil dat wol 'minder yntinsyf' dwaan as de ôfrûne perioade.
"Ik bin de ôfrûne jierren ek safolle mooglik yngien op útnûgingen fan lânbou-organisaasjes om te sprekken. Ik krij no wat in oare fokus. Ik moat dêr no wat selektiver mei omgean."
Katalaanske demonstraasje foar it Europeesk Parlemint © Omrop Fryslân
De ynstallaasje fan it nije Europeesk parlemint hie woansdeitemoarn in rûzige start. It ferkear yn Straatsburch stie muorrefêst troch de komst fan sechstich bussen mei demonstranten foar in grutte Katalaanske demonstraasje op de brêge foar it Europeesk Parlemint.
De Katalanen easkje dat trije nasjonalistyske politisy dy't yn maaie de Europeeske ferkiezings wûnen, wêrûnder presidint-yn-ballingskip Karles Puigdemont, tagong krije ta it Europeesk Parlemint. Se krije dat net fanwege Spaanske juridyske beswieren, mar de liberaal Jan Huitema fynt dat de Katalanen in punt hawwe. "Der hawwe miljoenen minsken op harren stimd, dan kinne je se net samar wegerje. Keazen is keazen."
Onno Falkena yn petear mei Europarlemintariër Jan Huitema