Detinearden krije yn de finzenis alfêst help om werom te kommen yn de maatskippij

02 jul 2019 - 16:20

Detinearden gean noch te faak de fout yn as se frijkomme. Foar in suksesfol weromkommen yn de mienskip is der in spesjaal reyntegraasjeplan presintearre. Uteinlike doel is feilichheid foar elkenien.

Sawat de helte fan alle detinearden giet binnen twa jier neidat sy frijkommen binne wer yn de fout. Yn Fryslân gie it ferline jier om 250 minsken dy't wer oppakt binne en dêrnei werom de sel yn moasten.

Detinearden krije fan dei ien ôf ferskate trainingen en kursussen om op it rjochte paad te bliuwen. Boppedat wurdt al yn de bajes besocht om praktyske saken te regeljen lykas ûnderdak en in baan foar as se frijkomme. Dat binne wichtige saken om in takomst sûnder kriminaliteit op te bouwen.

De Marwei yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

ID-kaart

Kearn fan it plan is dat finzenissen, gemeenten en reklassearring better gearwurkje, sadat der minder saken binne dêr't detinearden tsjinoan rinne as se frijkomme. Dat binne bytiden lytse saken, dy't wol fan grut belang binne, fertelt Lucy de Jong fan de noardlike finzenissen.

"Bygelyks as se gjin ID-kaart hawwe, kin dat regele wurde. Want hast in ID nedich om dy yn te skriuwen by in wenningkorporaasje of foar it oanfreegjen fan in útkearing."

Maureen de Boer fan it Feilichheidshûs yn Ljouwert is posityf oer it nije plan dat moandei presintearre is. It Feilichheidshûs hâldt him ûnder oare dwaande mei de persoansrjochte oanpak fan minsken dy't út de finzenis komme.

Goed dat der no in akkoart tusken justysje, soarch en helpferliening leit, dêr't de finzene yn sintraal stiet, seit De Boer. De measte detinearden sitte net langer as trije moannen fêst. Se binne dan wer frij en yn de finzenis wurde se al holpen. Dy help rjochtet him ek op de tiid as wer op frije fuotten binne. Dat is goed mei in each op de feilichheid, seit Maureen de Boer.

Trefwurden: 
finzenis detinearden
(Advertinsje)
(Advertinsje)