ELP yn Smellingerlân: "Meitsje betelle soarchbedraggen ynsichtlik"

02 jul 2019 - 16:07

De ELP yn Smellingerlân wol ynsjoch krije yn de bedraggen dy't de gemeente foarich jier oan de ferskate jeugdsoarchoanbieders betelle hat. Oanlieding binne neffens de partij de flinke winsten dy't ferskate oanbieders makke ha, wylst dy ôfwike fan harren jiersifers. It programma Pointer fan KRO/NCRV kaam hjir ferline wike ek mei nei bûten.

It gemeentehûs fan Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ELP is benaud dat de winsten makke binne troch soarch net te leverjen, wylst dy wol by de gemeente deklarearre is. Dêrom soe der ynsjoch komme moatte yn wat der tefolle betelle is. De soarchoanbieders soene dizze bedragen dan werombetelje moatte.

De partij wol dat it kolleezje fan Smellingerlân in ynkearperioade opleit oan dizze soarchoanbieders oant 31 desimber 2019, dy't dan de kâns krije it jild werom te beteljen. Dogge se dit net, dan soene der neffens de ELP maatregels oplein wurde moatte.

Trefwurden: 
Smellingerlân ELP
(advertinsje)
(advertinsje)