Tentoanstelling Made in Holland lûkt rekôrtal besikers nei Princessehof

02 jul 2019 - 15:08

De tentoanstelling Made in Holland: 400 jaar wereldmerk fan keramykmuseum Princessehof hat in rekôrtal besikers lutsen. It Ljouwerter museum krige yn totaal 75.542 minsken op besite en dêrmei is Made in Holland de bêst besochte útstalling ea fan it Princessehof.

Foto: Omrop Fryslân

Njonken dat der in soad minsken nei it Princessehof kamen foar de tentoanstelling, waard dy ek goed beoardiele. Made in Holland, ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd, waard troch it publyk mei in rapportsifer fan 8,3 wurdearre.

De tentoanstelling wie fan 2 juny foarich jier oant ôfrûne snein te besjen. Fan 7 septimber ôf komt it Princessehof mei in nagelnije tentoanstelling: Gezonken Schatten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)