Rezjysintrum oer bernemishanneling: better sinjalearje en helpferliening op maat

Minsken soene bernemishanneling better sinjalearje moatte en de helpferliening moat mear op maat. Dat seit Lutske de Vries fan Rezjysintrum Beskerming en Feiligens nei oanlieding fan in ûndersyk dat yn 2018 dien is. Dêr kaam út dat twa fan de trije Fryske jongeren, dy't ferplichte behannele wurde yn de jeugdsoarch, te krijen hân ha mei bernemishanneling.
Jeugdsoarch © Shutterstock.com
Neffens de Vries tinke minsken faak oan slaan en skoppe by mishanneling, mar psychyske fertutearzing en mishanneling wurdt ek hieltyd mear. "Bern wurde dan bygelyks de hiele dei negearre, dat sjogge je net gelyk by it bern werom. Mar op de langere termyn is dit wol skealik." It probleem hjirmei is dat minsken dit minder gau werkenne kinne, seit de Vries.

Gedrach fan âlders

Om it better te werkennen hat se wol in tip: "Wat wol faak te sjen is, is it gedrach fan de âlders. Tink oan buorlju dy't bygelyks in protte spul ha en deistich raze. Dan kinne je tinke om ien te beljen om te freegjen: wat kin ik hjirmei?"
Lutske de Vries fan it Rezjysintrum Beskerming en Feiligens
Wat nei it sinjalearjen fan mishanneling wichtich is neffens de Vries, is dat de help foar it bern goed regele wurdt. "It is hiel wichtich om te sjen wat is der no krekt oan de hân mei it bern. As 100 bern mishannele wurde, dan is dêr net ien oanpak foar. Dat wurket net." De Vries fynt dat helpferlieners nei elk bern sjen moatte en dan op maat dwaan moatte wat wurket.