Swimkursus foar bern yn bûtenwetter: "It is oars as yn it swimbad"

02 jul 2019 - 14:27

Om de swimfeardigens by bern te ferbetterjen, hawwe swimferiening Orca út Ljouwert en de Leeuwarder Reddingsbrigade de krêften bondele. Tegearre biede sy sneon in bûtenswimtraining oan by de Griene Stjer yn Ljouwert, bedoeld foar bern mei swimdiploma A en/of B.

Bern swimme yn bûtenwetter - Foto: ANP

Anneke van der Zwaag fan Orca oer de bûtenswimtraining

De bûtenswimtraining is de lêste les fan de kursus 'Veilig de zomer in'. Wêrom dizze kursus en dizze training? "It is simmer en dan wolle bern bûtendoar swimme", begjint Anneke van der Zwaag fan Orca. "En swimme yn it bûtenwetter is no ien kear oars as swimme yn it swimbad."

Yn it swimbad swimme is in oare sport as bûtenswimme, leit Van der Zwaag út. "Der binne eins twa dingen. It bûtenwetter is donkerder. Sjochst folle minder goed wêr'tst bist."

Net yn panyk reitsje

As twadde is der de kjeld. "Wannear'tst yn it bûtenwetter springst, is it faak kâld. Op it momint dat se deryn springe, benimt it de siken. Wannear't se dêr wat op taret binne, witte se better wat se dwaan moatte. Dan kinne se bygelyks harsels driuwende hâlde, nei boppe ta komme en net yn panyk reitsje. Dat skeelt de helte."

De bern dy't meidiene oan de kursus wiene tusken de seis en tolve jier âld. "Dat binne ek de leeftiden dy't we oanhâlde by de bûtentraining. Dêrneist moatte sy in A- of B-diploma hawwe. Der is noch plak foar mear bern. Bern dy't der noch by wolle, kinne harren noch oanmelde."

Trefwurden: 
Orca bûtenswimme
(Advertinsje)
(Advertinsje)