Doarpsbelang: ynteresse fan seis minsken om hûs te bouwen yn Wyns

02 jul 2019 - 11:52

Doarpsbelang Wyns/Bartlehiem hat al seis minsken fûn dy't ynteresse ha foar it bouwen fan in hûs yn Wyns. De grûn foar trije huzen hat jierren te keap west, mar doe wie der gjin fraach nei boukavels. No, mei troch de oanlûkende wenningmerk, hat doarpsbelang ûndersocht oft der dochs net huzen komme kinne.

Wurkje op de bou - Foto: Shutterstock.com

De gemeente wol dat de trije kavels yn ien kear beboud wurde, dêrom is it dreech om keapers te finen. Mar foarsitter Lútsen Kooistra fan doarpsbelang hat der wol betrouwen yn dat it harren slagget.

"It doarpsbelang funksjonearret oars as in gemeente", seit Kooistra. "Wy kinne oanjaan hoe moai it wenjen is yn Wyns. Mar der binne ek sketsen makke fan hoe't de huzen der út komme te sjen. No is it ôfwachtsjen oft der net allinnich minsken binne dy't yn Wyns wenje wolle, mar ek in hûs keapje wolle."

Lútsen Kooistra, foarsitter doarpsbelang, oer it ferkeapjen fan de trije kavels

De earste reaksjes binne yn elk gefal goed. "De ôfrûne moannen ha wy al in stik of seis minsken hân dy't ynteressearre binne. Dat fyn ik op himsels wol hiel bysûnder, want it is sûnder dat wy dêr in soad reuring oan jûn hawwe."

Mar dit betsjut net dat Kooistra him net mear soargen makket oer de takomst fan it doarp. "Ik tink dat it ferstannich is wy mei-inoar ris goed neitinke oer: hoe sjocht it plattelân der aanst út? It belied oant no ta yn hiel Fryslân tefolle rjochte is op de grutte kearnen, dan fertutearzet it plattelân."

Neffens Kooistra wurdt de foarsjenning minder as der net boud wurdt en dan komt it Fryske plattelân yn in fisieuze sirkel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)