Ynwenners fan Boalsert lizze strân oan yn eigen stêd

02 jul 2019 - 11:28

Boalsert kriget in eigen strân. Ynwenners fan de stêd wurde oproppen om op sneon 13 july, wannear't in bedriuw tweintich kúb sân lâns de Workumertrekvaart stoart, mei kroaden, amers en skeppen in stedstrân oan te lizzen.

Strân - Foto: ANP

Al langer wie der yn Boalsert fraach nei in feilige lokaasje om te swimmen. It wetter wurdt ôfbeakene mei in balleline om boatsjes en ôffal tsjin te hâlden. De gemeente Súdwest-Fryslân sjocht it as in 'proefprojekt'.

Trefwurden: 
Boalsert strân
(Advertinsje)
(Advertinsje)