In dei lang rêst en fûgels fêstlizze? Hier de fotohutte yn Riis

02 jul 2019 - 10:36

Op syk nei in geskikt plak om in hiele dei fûgels op de gefoelige plaat fêst te lizzen? Yn de Rysterbosk yn Riis stiet sûnt dizze wike de earste fotohutte yn Fryslân dy't hierd wurde kin.

Neffens It Fryske Gea is de hutte yn de Rysterbosk in ideaal plak foar fûgelfotografen om soarten as de griene spjocht, de blauspjocht, de hauk en de mûzefalk yn it bosk fêst te lizzen. De hutte sjocht út op in fiedselryk badplak foar dizze en oare fûgels.

Op it plak fan de fotohutte stie foarhinne ek al in hutsje, mar dizze waard amper brûkt. Nei in flinke opknapbeurt beskikt de hutte no oer stroom, in USB-oansluting, in hingstatyf foar in kamera, ferwaarming en in heechweardich spegelglêsramt.

De ynkomsten út de ferhier wurde brûkt foar ûnderhâld en tafersjoch op de hutte en foar it wurk fan It Fryske Gea. De fotohutte is seis dagen yn de wike te hier.

Trefwurden: 
Rysterbosk Riis fotohutte
(Advertinsje)
(Advertinsje)