Kollum: "Akky en Dokk'em Open Air"

"It Aldlân by Marsum wie ûnbegrinzge. De romte bestie út grien en blau en it ljochtgiel fan in iere sinne. It smel lint fan dykjes lei as fan in bernehân delsmiten foar ús. Dochs koe men jin net ferride: rûnom stiene buordsjes mei in pylk en de tekst 'Nei Akky'."
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Sneontemoarn wie it, en it libben fan skriuwster Akky Kuiper-van der Veer waard betocht op it hiem fan har pleats. Dat har libben en har wurk gâns te betsjutten hân hiene, waard rillegau dúdlik: de rigele auto's en minsken dy't by har kamen, wie hast like lang as it lint fan dykjes yn it Aldlân sels.
In bûnt ferskaat oan minsken joech har nei it kondolearjen del yn de tún. Guon yn it skaad fan de beammen, oaren yn it gleon ljocht fan de sinne. Dat wie ek it byld fan de betinking sels. It skaad fan fertriet waard komplemintearre troch it ljocht fan Akky har persoanlikheid.
Dat spruts út út de oantinkens fan har bern, har bernsbern en har kunde. Al dy ferhalen en anekdoaten waarden ôfwiksele mei muzyk fan Joan Baez, Jon and Vangelis en, oan 'e ein fan de betinking, Led Zeppelin mei it nûmer 'Thank you'. Troch sokke diverske bydragen bliek it bûnt ferskaat, op it hiem fan Akky har pleats, in mienskip. Ferbûn troch libben en wurk fan in bysûndere frou. Nei ôfrin fan de betinking sieten de romte en de stilte fan it Aldlân ús yn kop en hert, dy't middeis rap op 'e rin jage waarden troch de desibellen fan Dokk'em Open Air.
Want alles streamt en giet troch, ek neffens Akky har opfetting. Dat smarden wy ús yn, stutsen wy de beurs yn de bûse en fytsten wy op it gemak nei it terrein dêr't nei twa jier it festival wer plakfûn. It kontrast mei de betinking koe hast net grutter. En tagelyk wie der gjin kontrast. Want ek Dokk'em Open Air giet oer ienheid yn ferskaat. Oer in mienskip fan allegear ferskillende yndividuën. Minsken dy't mei-inoar ferbûn wurde troch, yn dit gefal, de leafde foar de hurdere muzyksoart. In familiêre mienskip sa't wy dy moarns ek ûndergien hiene.
Yllustratyf is wat dat oangiet de famylje Visser, de organisatoaren sûnt jier en dei fan it festival. Dy set de toan dêr't it barren him yn ôfspilet, skept de betingsten foar in feest fan trije dagen. Besikers dy't rûnom weikomme, priizgje de sfear fan Dokk'em Open Air, de gemoedlikens en de iepenens fan dy faak as stiif en stûf omskreaune Friezen. Dat is de fertsjinste fan de Vissers. Sy soargje derfoar dat in mienskip ûntstean kin, in ienheid yn ferskaat.
Mei in kop fol soksoarte gedachten fytsten wy yn it tsjuster nei hûs. King Diamond song syn sliepferskes, de temperatuer wie noflik, oer de kime hong noch in swym fan donkerread. In bysûndere dei ferrûn yn de nacht."