'Klimaatstúdzje moat Ljouwert as universiteitsstêd op de kaart sette'

Hoe moatte wy omgean mei de gefolgen fan klimaatferoaring? Wat binne de bedrigingen en wat binne de kânsen? Op dy fragen besykje se ynkoarten op Campus Fryslân yn Ljouwert antwurden te finen. De kampus hat in oerienkomst sletten mei in grutte ynternasjonale organisaasje, wat derfoar soarget dat in spesjale nije wittenskiplike oplieding opset wurdt yn de Fryske haadstêd.
'Klimaatstúdzje moat Ljouwert as universiteitsstêd op de kaart sette'
Dy 'grutte ynternasjonale organisaasje' is de Global Center on Adaptation fan de VN. Dizze organisaasje is dit jier oprjochte en wol derfoar soargje dat minsken oer de hiele wrâld witte hoe't se omgean moatte mei de feroaring fan it klimaat en de gefolgen dêrfan. Ien fan de ûnderdielen is it opsetten fan ûnderwiis en ûndersyk. De stúdzje yn Ljouwert moat de earste fan de wrâld op dit mêd wurde.
It is in prestizjeuze opdracht dy't Ljouwert as universiteitsstêd ynternasjonaal op de kaart sette moat. Sa tinkt alteast Andrej Zwitter, de dekaan fan Campus Fryslân. "Wij zijn heel blij dat we meteen contact hebben gelegd met deze organisatie toen we ervan hoorden. Het past heel erg bij onze missie van het zoeken naar lokale oplossingen. En we hebben hier natuurlijk direct te maken met die gevolgen van de klimaatverandering. Denk alleen al aan de Waddenzee en alles wat daar gebeurt."
Dekaan Andrej Zwitter oer de komst fan de klimaatoplieding nei Ljouwert
Hoe't de oplieding der krekt út komt te sjen, is noch net hielendal dúdlik. Dêr wurdt de kommende moannen noch oan wurke. Dêrnei moat it ministearje en de universiteit sels in offisjele goedkarring jaan. Zwitter hat der lykwols alle fertrouwen yn. "Het helpt natuurlijk enorm dat zo'n belangrijke organisatie achter je staat."
As de oplieding yn Ljouwert in sukses wurdt, is it de bedoeling dat it op mear plakken op de wrâld oanbean wurdt. "Zo moet er ook een netwerk ontstaan van kennis over deze grote uitdaging voor de wereld", beslút Zwitter.