Soarchoanbieders Ljouwert warskôgje foar ynset frijwilligers yn de soarch

01 jul 2019 - 23:28

By soarchoanbieders yn Ljouwert binne grutte twivels oer de ynset fan frijwilligers. Se binne net geskikt foar it helpen fan minsken dy't meardere problemen ha en de fraach is ek oft der genôch frijwilligers binne. Wethâlder Herwil van Gelder wol dat in part fan de soarch oergiet nei wyksintra en doarpshuzen. Sa kin in soad jild besparre wurde, tinkt hy. Yn Ljouwert wie moandeitejûn de mooglikheid om yn te sprekken op de plannen foar de soarch.

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

Yn de gemeente Ljouwert moat de kommende jierren 3,6 miljoen euro besunige wurde op de soarch, de saneamde WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning. It giet dan bygelyks om minsken dy't holpen wurde yn de deibesteging.

Ien fan de ynsprekkers moandeitejûn wie Erik Blank fan de Vrijwilligers-Organisaasje-Leeuwarden (VOL). Hy is wol wiis mei de plannen. Neffens him kinne frijwilligers in soad taken oernimme. Der binne grutte twivels oft der genôch frijwilligers binne. Sa kaam de fraach fan Lijst058 riedslid Selo Boxman.

Neffens Blank moat it slagje as der der better gearwurke wurdt. Ek is hy net benaud foar de kwaliteit: "Het zijn goed getrainde vrijwilligers. Door middel van training kun je expertise wel naar een hoger plan brengen", sa antwurde hy op in fraach fan CDA'er Fokelien van der Meulen. Opfallend is al dat in rapport oer hoe't de VOL alles ynrjochtsje en opsette wol, pas tongersdei komt. Dat is in dei nei it debat yn de gemeenteried fan Ljouwert.

Foto: Gemeente Ljouwert

De Adviesraad Sociaal Domein bliuwt kritysk. De advysried dy't frege en net-frege advizen jout oer de soarch yn de gemeente Ljouwert fynt dat de oanbesteging fan it soarchpart opsplitst wurde moat. Sa moat der in aparte oanbesteging komme foar minsken mei yngewikkelde problemen.

Dochs sjocht Joop Abma fan de ried wol mooglikheden by de ynset fan frijwilligers. It systeem moat dan allinnich wol goed opset wurde, mei genôch frijwilligers en buertkeamers dy't gau opskale kinne: "Dan biedt het kansen", seit Abma. Hy is dan ek foarstanner fan it werombringen fan opbouwurkers yn de wyk. Dat binne minsken dy't har rjochtsje op it ferbetterjen fan de wen- en libbensomstannichheden. Dy soene tal fan sosjale problemen foarkomme kinne.

Soarchoanbieders binne der net

De grutste soarchoanbieders yn de gemeente Ljouwert wienen net op de ynsprekjûn. It giet dan ûnder oare om GGZ-ynstelling Mind Up, opfangorganisaasje Zienn, ûndersteuningsorganisaasje Amaryllis en soarchgroep Noorderbreedte. Dy lêste joech earder yn in brief oan de plannen noch net konkreet genôch te finen.

Ek set de organisaasje grutte fraachtekens by de ynset fan doarps- en buertkeamers, plakken dêr't frijwilligers minsken moetsje dy't soarch nedich ha. Se binne dan benammen benaud foar de begelieding fan minsken dy't demint binne, dy't net by steat binne dúdlik te meitsjen hokker soarch se krekt nedich ha.

In te 'rooskleurig' byld

Sietske Inberg fan de Samenwerkende Bewonersorganisaties (SBO), de partij dy't opkomt foar de belangen fan ûnder oare doarps- en wykorganisaasjes, is ek kritysk. Benammen oer de ynset fan de frijwilligers. Neffens Inberg wurdt der in te 'rooskleurig' byld sketst. De belesting fan dy groep wurdt heech, sa tinkt it SBO. Der moat dus in soad dien wurde oan de begelieding fan de frijwilligers, sa seit Inberg. Want, sa stelt sy, der wurde grutte ferantwurdlikheden op de skouders fan dy groep lein, wylst de fraach is oft dy dêr wol thús hearre.

Dochs sjocht it SBO ek positive kanten: It is goed foar it besteansrjocht fan de wyk- en doarpshuzen.

Kommende woansdei sille de partijen yn de gemeenteried mei-inoar yn debat. Dan wurdt dúdlik hoefolle stipe de plannen fan wethâlder Herwil van Gelder krije. Takom wike woansdei wurdt sa't it no liket in definityf beslút nommen oer de ynrjochting en de takomst fan de soarch yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)