Fryske suksessen by earste etappe hurdfytswedstriid Noordenveld-Westerkwartier

01 jul 2019 - 23:09

Ronald Kruijer út Donkerbroek hat moandei de earste etappe fan de Wielermeerdaagse Noordenveld-Westenkwartier wûn. De hurdfytser kaam yn Nieuw-Roden as earste oer de finish yn de sprint fan in kopgroep fan fjouwer. Ruben Hoekstra fan It Hearrenfean pakte it twadde plak en Bart Hoolwerf út Eemdijk einige as tredde.

By de froulju gie de winst yn de earste etappe nei Rixt Hoogland út Sint-Nyk. Anneke Dijkstra út Olterterp einige op it twadde plak. Liena de Jong út Ubbena waard tredde.

De Wielermeerdaagse Noordenveld-Westenkwartier yn Nieuw-Roden giet foar de froulju oer trije dagen (moandei, woansdei, freed) en foar de manlju oer fiif dagen (moandei, woansdei, tongersdei, freed, sneon). Woansdei wurdt der striden yn Zevenhuizen, tongersdei yn Noordhorn, freed yn Leek en sneon yn De Wilp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)