RTV NOF bestiet 30 jier: "We binne ta oan fierdere profesjonalisearring"

"Streekomrop RTV NOF is ta oan in nije stap: fierdere profesjonalisearring." Dat seit foarsitter Marco Keizer fan de streekomrop by it 30-jierrich bestean. De alderearste útstjoering fan RTV NOF wie 1 july 1989, moandei dus op de kop ôf 30 jier lyn. "Weromsjen is moai en dat dogge we graach, mar we moatte ek foarút!"
Marco Keizer, foarsitter RTV NOF © Omrop Fryslân, René Koster
Yn de begjinjierren waard allinnich mar radio makke, mar tsjintwurdich is it radio, telefyzje en ynternet en foar in soad minsken yn de regio is de lokale omrop net mear fuort te tinken. Om nije stappen te setten en takomstbestindich te wurden, is fierdere profesjonalisearring nedich neffens Keizer. "We wurkje mei in hiel soad frijwilligers op in ferskaat oan mediaplatfoarms. Dat freget wol om stjoering. Gelokkich sitte we yn in saneamde 'kopgroep' fan lokale omroppen dy't kâns meitsje op jild fan it Ryk om ien en oar yn in 'pilot' út te probearjen."
© Omrop Fryslân, Harm Weistra
Ferslachjouwer René Koster yn petear mei foarsitter Marco Keizer fan RTV NOF
Finansjeel is de omrop neffens Keizer op dit stuit wol sûn. "Mar it is wol apart dat we as publike omrop ús jild foar 70 prosint út reklame helje moatte. Al jout it ek oan hoe't it bedriuwslibben ús stipet. Dêr binne we ek hiel wiis mei!"
RTV NOF bringt by it jubileum in glossy-tydskrift út dat yn it noardeasten fan de provinsje ferspraat wurdt. It earste eksimplaar waard útrikt oan sjonger Syb van der Ploeg.
Syb van der Ploeg mei de jubileumglossy fan RTV NOF © Willem Kooistra
Twa frijwilligers fan RTV NOF fertelle oer harren wurk by de lokale omrop