VV Burgum en BCV foarmje no ek offisjeel ien klup: FC Burgum

01 jul 2019 - 22:23

"In histoarysk momint", sa neamde notaris De Valk moandei de offisjele ûndertekening fan de akte wêrmei't de nije fuotbalklup FC Burgum ek offisjeel in feit waard. Nei jierren fan gearwurking yn de jeugd en tarieding op dizze fúzje, kinne VV Burgum en BCV no ek formeel tegearre fierder as FC Burgum.

VV Burgum-foarsitter Pieter Schols tekent de akte - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De leden hiene earder al harren akkoart jûn en keazen foar de nije namme en de nije klupkleuren blau en donkerblau, om sa nei de simmer oan te treden yn de Twadde Klasse yn it sneonsfuotbal.

Oftraap op de middenstip

Mar fansels moast ek alles juridysk goed regele wurde en de middenstip bliek in gaadlike lokaasje foar dat symboalyske einsinjaal, dat eins ek fuort de ôftraap nei de takomst wie. De folsleine bestjoeren waarden ien foar ien oproppen om de de akte te tekenjen, om dêrnei mei de notaris en in tal belutsen leden it glês te heffen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

BCV miste ferline jier yn de sneonskompetysje krekt de promoasje nei de Earste Klasse, VV Burgum spile op snein al yn de Earste Klasse.

Doel is hegerop

Foarsitter Dirk van der Woude liet witte dat FC Burgum in brede sosjale feriening wêze wol, mar dat ek de A-seleksje as flaggeskip fansels syn sportive ferantwurdlikheid hat om resultaten te boeken. "Dat we yn de Twadde Klasse begjinne moatte, is miskien wol moai om't dêryn in soad derby's spile wurde moatte. Mar it doel is wol om hegerop te kommen."

Ferslachjouwer René Koster wie by de offisjele ôftraap fan FC Burgum

Trefwurden: 
fuotbal vv Burgum BCV FC Burgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)