Engbert van Esch ferfangt Hanemaaijer as wethâlder yn Noardeast-Fryslân

01 jul 2019 - 22:11

Engbert van Esch fan Easterwâlde wurdt troch it CDA yn Noardeast-Fryslân oandroegen as wethâlder. Van Esch moat de tydlike ferfanger wurde fan partijgenoat Esther Hanemaaijer, dy't sûnt maaie dit jier troch sykte har wurk foarearst net útfiere kin.

Foto: Gemeente Eaststellingwerf

De 61-jierrige Van Esch hat 12 jier ûnderfining as wethâlder yn de gemeente Eaststellingwerf. De taken fan Hanemaaijer wiene earst ferdield ûnder de oare kolleezjeleden. Van Esch moat no dizze portefúljes ien op ien oernimme.

Yn de riedsgearkomste fan 4 septimber wurdt it foarstel oan de rie foarlein. As de ried akkoart giet, kin Van Esch begjinne as wethâlder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)