Automobilist botst ferskate kearen tsjin fangrail en wurdt klem riden troch tsjûge

01 jul 2019 - 22:04

In automobilist dy't by Easterwâlde ferskate kearen tsjin de fangrail fan de sneldyk oanried, is klem riden troch in omstanner. Tsjûgen seagen de automobilist mei grutte snelheid oer de dyk rjochting Easterwâlde riden. Op in gegeven stuit gie er stadiger en botste ferskate kearen mei de fangrail. De tsjûgen hiene yntusken de plysje al belle.

Foto: De Vries Media

De autorider ferliet de sneldyk by Easterwâlde en koe klem riden wurde troch in omstanner. Doe't de man ta stilstân kaam, wist hy sels net wat der mei him oan 'e hân wie. De omstanner hat de kaaien út de auto helle, sadat de man net fierder ride koe. Yntusken wie de plysje ek oankaam.

De man is troch ambulânsepersoniel ûndersocht en oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)