Massale syktocht nei fermist 4-jierrich famke yn Frjentsjer rint goed ôf

01 jul 2019 - 21:31

Konsternaasje yn Frjentsjer fanwege in fermist famke fan 4 jier. Nei in melding dat it famke ferdwûn wie, waard der grut ynset troch de brânwacht en de plysje. Dûkteams út ûnder oare Snits kamen om te sykjen yn it wetter by de Zuiderkade.

Foto: Kappers Media

Der wie in soad plysje oanwêzich om te sykjen en ek in plysjehelikopter waard ynset. Boppedat sochten ynwenners fan de stêd mei om it famke.

Uteinlik waard it famke yn goeie sûnens oantroffen. Se is wer by har famylje brocht.

Trefwurden: 
Frjentsjer fermist famke
(Advertinsje)
(Advertinsje)