Jan Huitema stiet achter Timmermans as foarsitter Europeeske Kommisje

01 jul 2019 - 20:58

De Fryske Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea jout de Limboarger Frans Timmermans fan de PvdA noch hieltyd in goeie kâns om foarsitter fan de Europeeske Kommisje te wurden. De regearingslieders koene it moandei net iens wurde oer de beneaming fan Timmermans - of fan in oar - en prate tiisdeitemoarn om 11 oere fierder yn Brussel. Se dogge dat oant 21 fan de 28 lidsteaten of mear witte litte dat se Timmermans stypje.

It Europeesk Parlemint yn Straatsburg - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ek yn it Europeesk Parlemint moat in dúdlike mearderheid foar Timmermans stimme. Moandei die bliken dat foaral lannen as Poalen, Hongarije en Italië grutte muoite mei de beneaming fan de Nederlanner hawwe en dy sels besykje op te kearen.

Huitema stipet Timmermans

Dat de regearingslieders wat langer wurk hawwe om in kommisjefoarsitter te kiezen, fynt Huitema eins wol in goed teken. Oant no ta wie de kommisjefoarsitter altyd in kristen-demokraat. Hjoeddeis meitsje ek oare partijen, lykas sosjaal-demokraten en liberalen kâns op dy topposysje. Dat de ûnderhannelingen dêrtroch swier kealje, fynt Huitema net sa slim.

Huitema sels stiet achter Timmermans, ek al is it in sosjaal-demokraat. "Ik tink dat it gewoan belangryk is dat wy in Nederlanner ha as foarsitter fan de Europeeske Kommisje. En dat is Frans Timmermans." De VVD'er is wol fan betinken dat Timmermans wat mear belangstelling toane mei foar de lânbou. "Ik praat him graach in kear by as it sa fier is."

Europarlemintariers Jan Huitema (VVD), Agnes Jongerius (PvdA) en Derk Jan Eppink (FvD)

Neffens Europarlemintariër Agnes Jongerius (PvdA) hawwe de kristen-demokraten grutte muoite om it ferlies fan de posysje fan kommisjefoarsitter te akseptearjen. Dochs tinkt ek sy dat Timmermans noch hieltyd in goeie kâns makket. "Van de twee Spitzenkandidaten heeft hij het grootste draagvlak, dan neem je hem toch?" Jongerius wiist der ek op dat Timmermans de earste Nederlânske kommisjefoarsitter wurde kin sûnt Sicco Mansholt, en dy ferfolle de funksje mar tydlik.

Eppink rekkenet op ferrassing

Derk Jan Eppink fan Forum voor Democratie tinkt net dat Timmermans noch kâns makket om kommisjefoarsitter te wurden. "Hij heeft in zijn rol van vice-voorzitter landen als Hongarije en Polen zwaar beledigd en dat krijgt hij nu terug." Eppink tinkt dat der tiisdei in hiel oare namme út de Brusselske hege hoed rûgelet. Timmermans hat neffens him foaral yn East-Europa tefolle fijannen makke om foarsitter fan de Europeeske kommisje wurde te kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)