Oanlis glêsfezel yn De Fryske Marren giet troch, Kabelnoord heakket ôf yn Súdwest-Fryslân

01 jul 2019 - 20:39

In grut part fan De Fryske Marren wol oer op glêsfezel. Dat docht bliken út sifers dy't freed nei bûten brocht binne op De Jouwer by in gearkomste fan DFMopGlas en Glasvezel. Fan de ynwenners yn it bûtengebiet hat 55,4 persint har oanmeld foar it fluggere ynternet en dêrmei kin de oanlis trochgean. Ek hawwe 24 fan de 33 doarpen de needsaaklike drompel fan 35 persint helle en krije sadwaande glêsfezel.

Foto: DFMopGlas

Njoggen doarpen noch net

"We zijn ontzettend blij", seit Jaap Bosma fan de koöperaasje DFMopGlas, dy't har ynset foar de realisaasje en eksploitaasje fan in glêsfezelnetwurk yn de gemeente. Se ha no genôch oanmeldingen binnen en kinne oergean ta oanlis fan glêsfezel yn De Fryske Marren. Njoggen doarpen binne noch net wis fan de oanlis: Sint-Nyk, Langwar, Bakhuzen, Aldehaske, Terherne, Sleat, Aldemardum, Ychtenbrêge en Sint-Jânsgea. Sy krije langer de tiid om te reagearjen.

"Wij hebben ons altijd hard gemaakt voor glasvezel voor iedereen in De Fryske Marren", sa stelt Bosma. "De garantie dat de inwoners in het buitgebied glasvezel krijgen, willen we uiteraard ook aan de inwoners van álle 33 dorpskernen geven. Dat de drempel in het buitengebied en in het merendeel van de dorpskernen is gehaald, geeft ons vertrouwen dat het in de laatste 9 kernen ook goedkomt."

Meardere oanbieders DFM

Yn De Fryske Marren waard lang de konkurrinsjestriid tusken de gemeente en Kabelnoord útfochten. It feit dat der meardere oanbieders wiene, soarge foar problemen en ûndúdlikens foar de bewenners yn de gemeente. Kabelnoord, stipe troch de provinsje, hie dêrom besletten in stap werom te dwaan. "Voorwaarde voor de aanleg van glasvezel is dat minimaal zestig procent van de aangeschreven huishoudens kiest voor een abonnement bij een provider op het netwerk van Kabelnoord. In De Fryske Marren is dat niet het geval. "Wij hebben onvoldoende aanmeldingen binnengekregen om de aanleg van glasvezel in De Fryske Marren te starten en gaan daar dus niet aanleggen."

Glêsfezel ynternet - Foto: Shutterstock.com

Kabelnoord heakket ôf yn SWF

Kabelnoord hat oanjûn ek net oer te gean ta oanlis yn Súdwest-Fryslân. "Voor Súdwest-Fryslân was de sluitingsdatum van de inschrijving vervroegd naar maandag 1 juli. Het aantal aanmeldingen blijkt onvoldoende om aan te gaan leggen en Kabelnoord gaat dat dus ook niet doen", sa is te lêzen op de webside. "Mensen in de gemeente Súdwest-Fryslân hebben daarmee duidelijkheid. Iedereen die zich heeft opgegeven voor glasvezel bij een van de providers van Glasvezel van Kabelnoord, heeft geen verplichtingen meer en worden daarover persoonlijk geïnformeerd."

Wol giet Kabelnoord oer ta oanlis fan glêsfezel yn Ferwerderadiel, om't sy hjir genôch oanmeldingen hiene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)