Earste Keamerlid Gerbrandy beneamd ta presidint-kommissaris Fryslân Miljeu

Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy (66) is beneamd ta presidint-kommissaris by de NV Fryslân Miljeu fan ôffalferwurker Omrin. Hy is de opfolger fan Gerrit Krol, dy syn termyn wie ôfrûn. Gerbrandy wie oant it begjin fan dit jier boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen en earder wethâlder yn Wymbritseradiel.
© Omrop Fryslân
NV Fryslân Miljeu is it part fan Omrin dat it ynsammeljen fan húshâldlik ôffal as wichtichste taak hat.