Fryske jongeren yn jeugdsoarch faak slachtoffer fan bernemishanneling

Fan de Fryske jongeren dy't ferplichte behannele wurde yn de jeugdsoarch, hat 65 persint te krijen (hân) mei bernemishanneling. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Rezjysintrum Beskerming en Feiligens yn 2018 by mear as 1.000 kliïnten.
Jeugdsoarch © Shutterstock.com
Opfallend is neffens it Rezjysintrum dat trije foarmen fan mishanneling omheech gien binne. Dat binne psychyske fertutearzing, psychyske mishanneling en lichaamlike fertutearzing. Dat betsjut bygelyks dat in bern amper oandacht en leafde krijt, te hearren krijt dat it net winske is en yn in fersmoarge keamer op de grûn sliepe moat.
Fan dizze jongeren groeit 41 prosint op yn in húshalden mei in opsteapeling fan komplekse problemen. Dat persintaazje is mei 10 prosint omheech gien yn fergeliking mei 2017.