Aldtsjerk krijt needbrêge foar fytsers, kuierders en skipfeart

01 jul 2019 - 17:28

Aldtsjerk krijt in needbrêge, om't de monumintale brêge oer de Moark skea oprûn hat troch in frachtauto dy't der tsjinoan sitten hat. De boppe-bou hie safolle skea dat dy derôfhelle is. De kommende dagen wurdt in needbrêge oanlein.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De needbrêge is freed klear en is allinne te brûken foar fytsers en kuierders en de skipfeart.

Auto's en lânbouferkear moatte omride oer de provinsjale dyk. It is noch net dúdlik wannear't de stikkene brêge wer klear is.

Trefwurden: 
brêge Aldtsjerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)