ProRail ferliest rjochtsaak, mar spoarferdûbeling Ljouwert-Grins rint gjin fertraging op

01 jul 2019 - 16:44

De tariedingen foar de spoarweiferdûbeling tusken Ljouwert en Grins kinne gewoan trochgean, nettsjinsteande in ferlerne rjochtsaak fan spoarbehearder ProRail.

It stasjon fan Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In skieppehâlder by it spoarhúske fan Den Horn hie in saak oanspand en hat dy wûn. Mei as gefolch dat der by de wurksumheden gjin gebrûk makke wurde kin fan syn hiem. Gefolch is dat ProRail troch moat mei plan B. Der komt in ôfskieding mei in damwand, sadat de skieppehâlder gjin lêst hat fan de wurksumheden.

Yntusken is de spoarbehearder noch wol mei de man yn petear oer ûnteigening of oername fan syn pleats. De plande ferdûbeling fan it stik spoar tusken Hoogkerk en Zuidhorn moat takom jier klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)