Doarpsbelang Wyns wol sels hûzen bouwe

Doarpsbelang Wyns/Bartlehiem lit sels trije hûzen bouwe yn Wyns. Doarpsbelang nimt it stik grûn dêr't de hûzen komme moatte, oer fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Wurkje op de bou © Shutterstock.com
De grûn hat jierren te keap west, mar der wie gjin fraach nei boukavels. Mei troch de oanlûkende wenningmerk hat Doarpsbelang ûndersocht oft der dochs net hûzen komme kinne. Dêr binne konkrete plannen útrôle en der binne yntusken ek minsken dy't der wol in hûs keapje wolle.
Doarpsbelang soarget no foar it bou- en wenryp meitsjen fan it terrein. Dêr wurdt ek it opknappen fan de terp yn Wyns by belutsen.