Wethâlder Sjoerd Feitsma oer earmoede: "Wy rjochtsje ús op de bern"

01 jul 2019 - 16:33

De gemeente Ljouwert docht der al jierren fan alles oan, mar it bliuwt mar yn de top 10 stean fan gemeenten mei de measte húshâldingen dy't yn earmoede libje. "Kinst it sjen as dweile mei de kraan iepen, mar we moatte net opjaan", seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert.

It Centraal Bureau voor de Statistiek makke de sifers moandei bekend yn in rapport oer wolfeart yn de Nederlânske stêden. It CBS hat dêrby sjoen nei ûnder oare ynkommens, keapkrêft en fermogens fan de húshâldens.

Yn Ljouwert libje sa'n seistûzen minsken fan de bystânsútkearing. Tolve prosint fan de húshâldingen libbet fan in leech ynkommen. Hast de helte dêrfan meardere jierren achter elkoar. "Dat neame we generasjonele earmoede. Mei regelingen as it Kindpakket en Leergeld rjochtsje we ús op de bern yn de hoop dat dat op langere termyn wat opsmite sil. De lêste jierren sjogge we dat it gebrûk fan it Kindpakket tanimt", seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert.

"Ljouwert skoart altyd heech op it mêd fan oantreklike stêden, mar net as it giet om tagong ta banen. We moatte mear wurkgelegenheid krije of better berikber wurde troch bygelyks in rappe treinferbining."

De gemeente is al jierren mei de problematyk dwaande, mar it is drege matearje. "Oan de iene kant biede we in fangnet foar de minsken fan no en oan de oare kant meitsje we belied foar de lange termyn."

Wethâlder Sjoerd Feitsma

(advertinsje)
(advertinsje)