Rjochtfeardigens libbet ek by neiteam fan iepenloftspul Kollumer Oproer

01 jul 2019 - 15:47

Salomon Levy is in ferneamd figuer yn 'e Kollumer omkriten. Oan de ein fan de 18e iuw soe hy in opstân tsjin de Frânske besetters laat hawwe. Hy is derfoar ta dea feroardiele. Sjonger Marcel Smit en winkelman Sierd Henk de Bruin binne beide neiteam. Beide mannen kenne harren wol werom yn harren foarâlder.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy yn petear mei Marcel Smit en Sierd Henk de Bruin

By Omrop Fryslân is dizze wike alle dagen omtinken foar it iepenloftspul Het Kollumer Oproer; fan de histoarje oant de tariedingen. Sjonger Syb van der Ploeg spilet de haadrol fan Salomon Levy en Steven de Jong docht de rezjy. It stik giet op tongersdei 4 july yn premjêre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)