Kampanje fertelt suksesferhalen fan minsken dy't wurk fûn ha

01 jul 2019 - 15:25

De gemeente Ljouwert is in kampanje begûn om minsken mei in útkearing oan it wurk te krijen. De kampanje fertelt de ferhalen fan fjouwer minsken mei in útkearing dy't mei sukses oan in baan holpen binne.

Foto: Gemeente Ljouwert

Neffens wethâlder Friso Douwstra hat de gemeente in soad minsken yn de kaartebak dy't wol oan it wurk wolle, mar binne wurkjouwers dêr te min bekend mei. "Der binne op it stuit in soad fakatueres, dy't wurkjouwers ynfolle ha wolle. Wurkjouwers tinke lykwols net altyd daliks oan de gemeente as se personiel sykje. En dat is in miste kâns."

De motivearre kandidaten wurde persoanlik begelaat troch de gemeente. Se krije praktyske stipe en ek in oplieding as it nedich is. Sa wurde wurksykjenden sa goed mooglik taret op in baan mei perspektyf.

De gemeente kin wurkjouwers ek helpe om oan personiel te kommen, mar dy witte dat lang net altiten. Sa praat Ljouwert mei wurkjouwers om har fraach ôf te stimmen op it oanbod. Ljouwert hat útsocht hokker brânzjes it meast gaadlik binne om minsken yn oan it wurk te krijen. En yn oerlis mei wurkjouwers wurde trajekten opsteld dy't minsken helpe moatte om in baan te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)