Ekstra poadium fanwege grutte animo foar Sneeker Dweildag

01 jul 2019 - 15:19

Der binne safolle muzykgroepen dy't har oanmeld ha foar de Sneeker Dweildag op 5 oktober, dat de organisaasje it festival útwreidet mei in ekstra poadium.

Foto: JDG Fotografie

By eardere edysjes wie der plak foar 32 kapellen. Der binne no 39 oanmeldingen, mei it ekstra poadium derby is der plak foar fjirtich kapellen. Dat betsjut dat der 750 muzikanten meidogge oan de Sneeker Dweildag.

It festival is neffens de organisaasje yn in koart skoftsje tiid útgroeid ta ien fan de grutste dweildagen fan Nederlân. De dweilkapellen dy't meidogge, komme út yn de wedstriidklasse of de 'Leutklasse'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)