Ryk jout miljoenen foar technykûnderwiis yn Fryslân

01 jul 2019 - 14:52

De skoallemienskippen CSG Liudger yn Drachten en OSG Sevenwolden op It Hearrenfean krije miljoenen út de lanlike subsydzjepot foar technykûnderwiis. Foar Liudger giet it om sawat 5 miljoen euro en foar Sevenwolden om 3,3 miljoen euro.

Foto: Pexels.com

Mei-inoar krije 45 regio's yn Nederlân ekstra jild om technykûnderwiis te befoarderjen. De plannen hjirfoar komme fan vmbo-skoallen, mbo's en lokale en regionale bedriuwen.

Neffens minister Arie Slob fan Underwiis stiet de arbeidsmerk al langere tiid te springen om goed technysk personiel.

Underwiis fierder ûntwikkelje

"We zijn ontzettend blij", seit Joop Vogel fan CSG Liudger yn Drachten. Ek it basisûnderwiis wurdt meinaam yn it projekt. Al mei al is der goed seis miljoen euro foar in perioade fan fjouwer jier.

"In de afgelopen jaren is de techniek onterecht minder populair geworden, je zou er geen goede boterham mee kunnen verdienen en we hebben natuurlijk de crisis in de bouw techniek gehad. Daardoor kiezen minder leerlingen voor techniek en dat kunnen we nu omkeren. Leerlingen op de basisschool kunnen al kennis maken met techniek en we kunnen ons onderwijs nog beter maken."

Mei it jild kinne se ek it ûnderwiis fierder ûntwikkelje en bygelyks ynsette op duorsumens en enerzjytransysje. "En we gaan werkbezoeken organiseren en de docenten professionaliseren. Bovendien gaan we onze faciliteiten op scholen en bedrijven delen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)