Gemeente Amelân wol acht ton foar nijbou De Nieuwe Stelp útlûke

It gemeentebestjoer fan It Amelân wol acht ton beskikber stelle foar de bou fan soarchkompleks De Nieuwe Stelp yn Hollum. Dêrmei soe der al in miljoen euro beskikber wêze foar it gebou oan de Oranjewei.
It plak dêr't De Stelp no sit © Google Street View
It jild sil bestege wurde oan tariedende wurksumheden. De Nieuwe Stelp komt njonken de sporthal en it moetingssintrum Ons Hol yn Hollum. Yntusken wurdt hurd wurke oan it ûntwerp fan de âldereinfoarsjenning.
De riedskommisje diskusjearret moandeitejûn oer it kolleezjefoarstel.

Nijbou

In jier lyn stimde de gemeenteried fan It Amelân unanym yn mei de nijbou fan soarchsintrum De Stelp. Net elkenien is wiis mei de ferhúsplannen. In groep Amelanners wol it soarchsintrum yn it sintrum fan it doarp hâlde.
Soarchoanbieder Kwadrant sil de foarsjenning 20 jier fan de gemeente hiere en de hjoeddeiske lokaasje De Stelp wurdt ferkocht oan de gemeente.