Dak gemeentehûs Drachten wurdt oanpakt fanwegen sinnepanielen

In part fan it dak fan it gemeentehûs yn Drachten moat ferfongen wurde om't der sinnepanielen op it dak komme. Ut ûndersyk docht bliken dat de dakbedekking op ferskate plakken ferâldere is en dat de isolaasje net yn 'e oarder is.
It gemeentehûs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De kosten foar de oanpassing fan it dak wurde rûsd op sa'n 75.000 euro. Dat jild komt út de pot 'Reserve ûnderhâld eigen gebouwen', lit de gemeente witte.