Jubileumtentoanstelling yn Museum Hindeloopen oer 'sits'

Museum Hindeloopen bestiet dit jier hûndert jier en fiert dat mei de jubileumtentoanstelling 'Sits, een wereldproduct in Hindeloopen'.
© Museum Hindeloopen
Sits, it bûnte blomrike beskildere katoen út Yndia, is ien fan de eksoatyske skatten dy't yn de Gouden Iuw troch de Verenigde Oost-Indische Compagnie nei Nederlân helle is. Ek yn Hylpen wie de stof populêr en waard it tapast yn it Hylper ynterieur en yn de tradisjonele klean.
It kostbere ymportprodukt waard sa ûnderdiel fan de eigen Hylper kultuer. Yn it Hylper kapiteinshûs wurdt de sitsen stof ûnder oare brûkt yn gerdinen, sprei en kessenslopen.
Museum Hindeloopen lit yn de tentoanstelling sitsen objekten sjen út it ynterieur en de klean. In grut part fan de objekten komt út de samling fan Hidde Nijland (1853-1931), de eardere nammejouwer fan it museum.
De tentoanstelling is te sjen oant en mei 31 oktober.