Nije wet giet yn: mei de mobyl op de fyts is ferbean

01 jul 2019 - 12:52

Foar in protte fytsers is it de gewoanste saak fan de wrâld: fytse en tagelyk belje of appe. Mar fan 1 july, dizze moandei dus, ôf stiet dêr in boete fan 95 euro foar.

"Afleiding in het verkeer is killing, dat zien we in de cijfers terug, Met name voor fietsers, die kwetsbare verkeersdeelnemers zijn", seit Douwe Dirk van Dijken, teamspesjalist ferkear fan de plysje Noard-Nederlân.

De wet ferbiedt it yn 'e hân hâlden fan mobile elektryske apparaten, wylst in fyts, brommer, motor of auto bestjoerst. Dus net allinnich mobyltsjes binne ferbean, mar ek muzykspilers, navigaasjesystemen of tablets.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De plysje sil minsken fuortendaliks op de bon slingerje as se trappearje wurde. It bliuwt net by in warskôging. Foar fytsers is de boete 95 euro, mar foar automobilisten, scooterriders of op de motor krije bestjoerders in heger bedrach. Neffens de nije regels kostet it dan 240 euro.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Douwe Dirk van Dijken

Trefwurden: 
plysje boete fyts Appe
(advertinsje)
(advertinsje)