Ek Fryslân moat stilstean by eigen slavernijferline

01 jul 2019 - 12:43

Ek yn Fryslân is it goed om stil te stean by ús slavernijferline. Dat seit dosint skiednis Barbara Henkes fan de Ryksuniversiteit Grins. Henkes docht ûndersyk nei it slavernijferline fan Fryslân en bringt takom jier de gids 'Slavernijverleden Friesland' út, wêryn't sy it slavernijferline fan Fryslân beskriuwt. "Het is zeker zinvol om je te realiseren dat dit sporen heeft nagelaten in de Friese en Nederlandse samenleving."

Foto: ANP

Alle jierren wurdt der op 1 july op KetiKoti stil stien by de ôfskaffing fan de slavernij. Ek yn Fryslân ha wy gjin skjinne hannen. Dat blykt út it ûndersyk dat Barbara Henkes docht. Dochs is der net in soad oer bekend by de Friezen. Dat hat neffens Henkes twa redenen. "Het is ten eerste niet zo'n vrolijke geschiedenis om aan herinnerd te worden. En in Nederland wordt de Gouden Eeuw liever als iets positiefs herinnerd en er wordt voor het gemak vergeten dat er ook een schaduwkant aan hangt."

Bysûndere ferhalen

Yn har syktocht nei ynformaasje oer Friezen dy't aktyf wiene op it mêd fan slavernij, komt Henkes bysûndere ferhalen tsjin. "Ik ben altijd verrast door wat ik vind, maar wat een hele mooie vondst was, is het archief van het weeshuis in Harlingen. Daar vonden we een complete correspondentie tussen verwanten in Harlingen en Suriname. Het bleek dat een van de Friezen uit Suriname was teruggekomen met een zoon, die hij had gekregen bij een vrouw uit Suriname. Deze zoon wordt naar Suriname gestuurd om daar baas te worden over een aantal plantages. Je ziet dat de zoon de machtspositie van zijn vader kon overnemen. Dat is één van de bijzondere verhalen die we tegenkwamen."

Undersiker Barbara Henkes

Trefwurden: 
slavernij Barbara Henkes
(Advertinsje)
(Advertinsje)