Bestriders fan ikeprosesjerûp ha it smoardrok: "It is in pleach foar de folkssûnens"

De ikeprosesjerûp soarget hieltyd foar gruttere problemen. Minsken kinne ferskriklik lêst krije fan de brânhierren fan de rûp, lykas jokte. De rûp komt op hieltyd mear plakken foar en stelt gemeenten en bestriders foar grutte problemen.
Bestriders fan ikeprosjerûp ha it smoardrok
De ikebeam komt benammen foar op sângrûn, dus yn de Stellingwerven, Opsterlân, mar ek yn de bosken fan Gaasterlân. Bestriders witte hast net wêr't se it earst en lêst wêze moatte, sa drok is it.
Yn Weststellingwerf binne al 1.200 beammen mei in lintsje markearre, dat betsjut dat de rûp dêr sit. Se binne noch altyd oan it sykjen en op elke beam sit de rûp wol. Nei de ynventarisaasje folget de bestriding, troch de nêsten op te sûgjen of fuort te brânen. Dat jildt foar iken op gemeentlike grûn.
© Omrop Fryslân

"It is noait genôch"

Bestrider Peter van der Weg fan Frisia yn Burgum hat it smoardrok. "We besykje it wol yn fiif dagen te dwaan en wol wykein te hâlden. Mei it fuortheljen fan de âlde nêsten fan ferline jier en no binne we de rest fan it jier noch wol mei dwaande." Mei de stofsûger kinne se tusken de 2.500 en 3.000 nêsten yn de wike opsûgje. "Oft it genôch is? Nee, it is noait genôch."
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek oer de ikeprosesjerûp
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De provinsje Fryslân docht it neffens Van der Weg wol goed. "Yn oare provinsjes sjoch ik wol dat se de nêsten net opromje. Dan falle de nêsten op de grûn en de hierren waaie fuort. Mar dy hierren kinne wol oant seis ta acht jier noch brâne. It is in pleach foar de folkssûnens."
Harry en Noppie binne drok mei it bestriden fan de ikeprosesjerûp © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Wat no as de rûp by dy yn de tún sit?

Yn de gemeente Weststellingwerf kinne minsken mei de gemeente belje en dy jout in list mei telefoannûmers fan oannimmers dy't de rûp bestride kinne. Dus minsken moatte sels kontakt opnimme.